vrijdag 7 februari 2014

Oost Ameland


 







BALLADE FAN WYLDE RIXT FAN T OERD

Wol nuver ha de tiden west,
wol nuver en wol tsjoed,
doe’t Wylde Rixt fan 't Amelân
fier om 'e Aest fan 't Amelân
noch wenne op it Oerd. 


Hoe't dizze Wylde Rixt fan it Oerd
waerd ta in eximpel steld,
hoe't dizze Wylde Rixt waerd wyld,
skriklik yn eigen fûke sylt
wurdt yn dit stik forteld.


Neaken en bleat is it Oerderdún.
In sémieu berôve fan fear,
sa bleat en berôve as in mieu
kaem Rixt op it Oerd yn dy âlde ieu,
't jier tweintich fan Us Hear. 


De lytse sékob ropt oer de Waed
en nestelet op it Oerd.
Op it strân stie hja yn earme klean
en liet it each oer de ûnwrâld gean,
as Noach nei de floed. 


Mar Noach hie trije greatjonges oer
en in feilich farkjend boat.
Hja ien meagre jonge, fel oer bien,
en in arke tosplintre en forgien
yn in godforgetten oard'. 


Doe't hja nei Sjoerd, de jonge, seach,
foel it forline yn pún.
En moedsum ha se togearre boud
in wrakke went fan oanspield hout
en seadden út it dún. 


In nij bistean yn in Nimmenslân
wol ballingen wol oan,
mar hoe't hja bisteane op dat sté
mei neat as it tongerjen fan 'e sé,
dat witte mem noch soan. 


In fûgelstrûp stiet op it Oerderdún
wol dagen, dagen leech.
Leech bliuwt in âld hert
dat iensum waerd.

De lytse sékob ropt oer de Waed
en sjit nei bút omleech. 

De skippen farre oer de sé,
wol dagen boas en grym.

Sa grym, en boas wurdt in jong hert
dat farre wol en it sjocht oars net
as in skip djip yn 'e kym. 


Sjoerd gyng to farren oer de sé
op it skip „De Unfortún",
al to ûnwennich wie de skreau
him oanflein fan de lytse mieu
dy't nestelet yn it dún.



Douwe Annes Tamminga

 

 
De sage van Ritskemooi, Ameland Historie

http://www.amelanderhistorie.nl/news/de-sage-van-ritske-mooi/